Utfiner

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Útfiner")
Gean nei: navigaasje, sykje
De ferneamde útfiner Thomas Alva Edison mei syn fonograaf.

In útfiner is immen dy't wat betinkt, ûntwerpt of makket dat noch net earder bestien hat. Faak giet it dêrby om in technysk prinsipe of in technysk apparaat. Soks wurdt in útfining neamd. Histoarysk wiene de measte útfiners technikus, yngenieur of wittenskipper. Tsjintwurdich kin men ek software-ûntwikkeler by dat rychje foegje.

Om útfiners te beskermjen is it oktroairjocht ûntjûn, wêrby't men in oktroai of patint op in útfining oanfreegje kin, sadat oaren der net mei oan 'e haal gean kinne. Soks stelt in útfiner by steat om jild te fertsjinjen oan syn útfining, wêrmei't er de ûnkosten dekke kin dy't er makke hat om 'e útfining te ûntwikkeljen.

Foarbylden fan bekende útjouwers út it ferline binne: Johann Gutenberg, Laurens Janssoan Koster, Christiaan Huygens, Thomas Alva Edison, Nikola Tesla en Isambard Kingdom Brunel. Tsjintwurdich wurde wichtige útfinings yn 'e regel dien troch grutte ûndersykslaboratoaria, dêr't gearwurke wurdt troch in grut tal minsken. Sa is algemien bekend sat Philips de cd útfûn hat, mar wit bûten it bedriuw frijwol nimmen wa't dêrby belutsen wie of yn hokker mjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe links, op dizze side.