Ballum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lokaasje Ballum
Toer en tsjerke fan Ballum

Ballum is it lytste doarp op it Amelân, oan de westkant fan it eilân. De namme komt fan de persoansnamme Balle mei de útgong - um.
It doarp hat likernôch 345 ynwenners (2012). Yn it sintrum is in lytse brink mei beammen der om en in frijsteande toer. Dy hearde eartiids wierskynlik by de slotkapel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Cammingha's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 15e iuw wennen de Cammingha's hjir, de eardere frijhearen fan it eilân. It slot fan de Cammingha's is yn 1829 ôfbrutsen. Sawat op it âlde stee is yn 1975 in nij gemeentehûs set. Ballum waard derom ek wolris kastielresidinsje neamd. Dêr is eins neat mear fan oer. De grêfstien dy't de grêfkelder eartiids ôfsleat is no de flier fan it lykhúske fan Ballum.

En fierders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut de 18e iuw binne noch âlde huzen mei ankerdatearringen bewarre bleaun. De pleatsen toane it boereferline fan it doarp oan. De buorren fan Ballum binne in beskerme doarpsgesicht. De âlde byldhoude preekstoel yn de herfoarme tsjerke is it besjen wurdich.

Oant de Twadde Wrâldkriich wie der tsientallen jierren lang de feartsjinst tusken Swarte Harne en Ballum. Yn 1940 waard de feartsjinst troch de Duiters fuortset fanôf de pier fan Holwert nei Nes.

Fleanfjild[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar needgefallen is by Ballum in lyts fleanfjild oanlein. Soks kin nedich wêze by tichtfriezen fan de Waadsee, by ûngelokken of urginte opname yn in sikehûs. In SAR-helikopter is dan in útkomst. By't simmer kinne ek rûnflechten makke wurde, of oan sweeffleanen en parasprongen dien wurde. It útstapke meitsje nei Tessel of it Dútske Waadeilân Borkum kin ek.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Ballum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]