Klaas Dijkstra (taalkundige)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Klaes Dykstra")
Gean nei: navigaasje, sykje
Klaas Dijkstra
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
echte namme Klaas Dijkstra
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 10 juny 1924
berteplak Sigerswâld (Fryslân)
stjerdatum 4 maart 1997
stjerplak Drachten
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
partij PvdA
Wethâlder fan Harns
amtsperioade 19?? – 19??
Klaas Dijkstra
Livro preto.svg skriuwer
wurk
taal Frysk
sjenre poëzij, non-fiksje (taalkunde, letter-
kunde
)
, oersettings
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Oersettingen yn it Frysk
Lyts Hânboek fan de Fryske
   Literatuer
jierren aktyf 19501997
offisjele webside
gjint

Klaas Dijkstra of Klaes Dykstra (Sigerswâld, 10 juny 1924 - Drachten, 4 maart 1997)[1] wie in Frysk ûnderwizer, universitêr meiwurker, oersetter en politikus.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klaas Dijkstra wurke as wittenskiplik haadmeiwurker foar Fryske literatuerskiednis oan 'e Ryksuniversiteit, te Grins. Dêrfoar wied er learaar Ingelsk yn ûnder mear Harns. Teffens wied er polityk aktyf, as wethâlder fan 'e gemeente Harns foar de PvdA. Yn syn frije tiid sette er út en troch oer út it Ingelsk (wurken fan sawol Britske as Amerikaanske skriuwers). Hy promovearre op histoaryske oersettings yn it Frysk. Syn dissertaasje wurdt nòch faak brûkt as neislachwurk.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eigen wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1950-1952 - Untwyk: Twa Balladen fan de Sé
  • 1962 - Oersettingen yn it Frysk (sa. 1860-1960) (dissertaasje)
  • 1976 - Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer
  • 1997 - Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, mei Taheakke: De Resinte Fryske Literatuer (twadde edysje, mei Bouke Oldenhof)

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte- en stjerdata fan Klaes Dykstra op Graftombe.nl

  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526; s. 150.