Ljouwertersk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ljouwertersk
algemien
eigen namme Liwwadders, Leewarders
lânseigen yn Flag of the Netherlands.svg Nederlân
tal sprekkers ±19.400 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Ljouwertersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Flag of the Netherlands.svg Nederlân:
  ● Frisian flag.svg Fryslân (as streektaal)

It Ljouwertersk (Ljouwertersk: Liwwadders of Leewarders) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Ljouwert, it haadplak fan 'e provinsje Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Ljouwertersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ljouwertersk is ûntstien yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw, safolle is wol bekend, mar hoe't dat krekt yn syn wurk gien is, dat is net alhiel dúdlik. Neffens de tradysjonele teory geane it Ljouwertersk en de oare Stedske dialekten tebek oant de ein fan 'e fyftjinde iuw, doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498 yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. Taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne.

De lokaasje fan it Ljouwertersk yn 'e provinsje Fryslân.

It is frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Ljouwertersk oerlevere binne. Wol bestiet der ynformaasje út 'e twadde hân, fan inkele taalkundigen út dy tiid dy't yn harren wurk it Stedsk neame. Johannes de Laet út Leien seach gjin ferskil tusken de stedstaal fan Fryslân en de taal yn Hollân. De Fryske taalkundige Johannes Hilarides betitele it Stedsk (foutyf) as Nederdútsk en wiisde dêrby op wurden as 'peerd'. Oer it Ljouwertersk as apart dialekt waard bleau it lange tiid stil.

It âldste oerlevere Stedsk is in tekst yn it Ljouwertersk, dy't datearret út 1768. De skriuwer, Anne Jeltema, beskriuwt dêryn hoe't it doedestiden om en ta gie mei it keapjen en fersoargjen fan slachtfee. Hjirûnder in fragmint:

De andere daagsavens zude het Beest slagt wudde, en ik hat bedongen, dat de Boer 't teugen die tied zude opbringe laate. Ik gong dan de avens (want zien, ik wilder niet om flouwe) metten halve bok na bed toe, en sliep de morgens wat langer as ik anders wend waar; ten minsten, eer wij op kwammen, wudder schrikkelijk oppe deur klopt, en dat waar just de Keerel mette Koe. Ik kennet jou niet half zegge, hoe blied dat ik waar. 'k Hadde uit voorzorg en Dikkop klaar zet, dar wij ris helder van proefden. Wij bonnen de Koe anne leuning van mien stoepe vast, en dat ston (ken ikje zegge) vooren Keuning. Ik gong fluitende en zingende na mien Wief toe, die nog op bed lag, om hoor dat nijs te bringen, en vroeg hoor met ien, of ze het Beest niet ris zien zude? Zij begon te zugten, en zei: Op die wieze gaat de heele week weer na Sinjeur![1]

Oant djip yn 'e njoggentjinde iuw wie it Ljouwertersk yn Ljouwert de taal fan 'e begoedige boargerij en de adel, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw begûn men it te sjen as in breklike mjuks fan Frysk en Standertnederlânsk. Doe ferwaard it hieltyd mear ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it 'Algemien Beskaafd' Nederlânsk. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Ljouwert ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Ljouwertersk te praten.

De Aldehou, it symboal fan Ljouwert.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it Ljouwertersk ferskynde yn 1991 by de Fryske Akademy it Woardeboek fan ut Leewarders, fan A.C.B. van der Burg. By de publikaasje die de útjouwer in grut tal eksimplaren kado oan 'e Ljouwerter basisskoallen. Yn 'e boekhannel waard it wurdboek lykwols min ferkocht.[2] De measte Ljouwertersksprekkers brûke har dialekt dan ek inkeld as sprektaal en alhiel net as skriuwtaal. Der binne mar inkele auteurs, lykas Anne Feddema, dy't it Ljouwertersk ek op papier yn libben besykje te hâlden. Yn 1993 ferskynde it taalsosjologyske proefskrift fan Reitze Jonkman It Leewarders, dêr't in wiidweidige histoaryske analyze fan de ûntwikkeling fan it Leewarders fan algemiene stedstaal ta spesifyk stedsdialekt yn opnommen is. Cor van Bree en Arjen Versloot sammelen yn 2008 yn Oorsprongen van het Stadsfries sa'n bytsje alle literatuer oer de stedsdialekten yn Fryslân.

It Ljouwertersk ferskilt net sa'n mâle soad fan 'e oare Stedske dialekten. Wol is it brûken fan it wurd juh typysk Ljouwertersk. In Liwwadder brûkt it faak te pas en te ûnpas yn syn praten. Fierders ûnderskiedt it Ljouwertersk him fan 'e oare Stedske dialekten trochdat de ynfloed fan it Nederlânsk yn it Ljouwertersk folle dúdliker te merken is. Dêrtroch ûntsteane tuskenfoarmen dy't tichter by de standerttaal steane. In goed foarbyld dêrfan is Leewarders as namme foar it dialekt, in beneaming dy't ûnder ynfloed fan it Nederlânske Leeuwarders ta stân kommen is. De oarspronklike selsoantsjutting fan it Ljouwertersk is Liwwadders.

Utsjoch oer Ljouwert fanôf de Aldehou.

Tal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it sprekkerstal fan it Ljouwertersk bestiet frijwat ûndúdlikheid. Yn 2002 skreau Pieter Duijff, in taalkundige dy't wurksum is by de Fryske Akademy, noch dat fan 'e befolking fan 'e stêd Ljouwert likernôch 20% Ljouwertersk spriek.[3] Mei in hjoeddeistige befolking fan sa'n 96.000 minsken soe dat útkomme op 19.200 Ljouwertersksprekkers. De Bosatlas fan Fryslân (2009) jout lykwols oan dat yn 'e gemeente Ljouwert troch 10% fan 'e befolking Stedsk sprutsen wurdt.[4] No hearre ta de gemeente Ljouwert fansels wol de fierhinne Frysktalige doarpen om 'e stêd hinne (noch net dy yn it eardere Boarnsterhim, want dat wie yn 2009 noch in selsstannige gemeente), mar dat kin dy hommelse weromfal fan 20% nei 10% net ferklearje.

Lykwols is it sa dat de Bosatlas fan Fryslân ek oanjout dat der yn 'e plattelânsgemeenten ek beskate minderheden fan Stedsksprekkers foarkomme (bgl. yn Ljouwerteradiel 5%, yn Menameradiel 6% en yn Tytsjerksteradiel 4% fan 'e befolking).[5] As men dy persintaazjes omrekkenet ta absolute oantallen en se ferrekkenet mei it oandiel dat de oare Stedske dialekten deryn hawwe sille, komt men foar it Ljouwertersk dochs noch út op in totaal fan 19.400 sprekkers. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it benammen om âldere stedsjers giet. De jongerein brûkt de eigen taal net folle mear. It sprekkerstal nimt dêrmei stadichoan ôf, want de lêste generaasje dy't yn it Ljouwertersk grutbrocht is, waard berne yn 'e sechstiger jierren.

Ljouwerterske literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Anne Feddema, Slapstickiepenbierings (1997), Skúnpútsers gúd, gearstalling fan syn Liwadder kollums op Omrop Fryslân (2009)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Feitsma, A., en Bosma, R., Frysk út de 18de Iuw, yn: Estrikken XXII, Grins, 1961, s. 77.
  2. Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, s. 84.
  3. Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, s. 83.
  4. Bosatlas fan Fryslân, s. 254.
  5. Bosatlas fan Fryslân, s. 228-289.

boarnen:

  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • ——, Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Productions), ISBN 978-9 00 17 79 047.
  • Burg, A.C.B. van der, Woardeboek fan ut Leewarders, Ljouwert, 1991 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 17 418.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Duijff, Pieter, Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten, Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk
Aastersk | Hylpersk | Klaaifrysk (Bjirmsk) | Molkwardersk † | Noardhoeksk (EastnoardhoekskWestnoardhoeksk) | Skiermûntseagersk | Skylgersk | Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) | Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk
Hollânsk-Frysk
Amelânsk (EastamelânskWestamelânsk) | Biltsk (EastbiltskWestbiltsk) | Midslânsk | Stedsk (BoalserterskDokkumerskFeanstersk †FrjentsjerterskHarnzerskKollumerskLjouwerterskSnitserskStarumersk)
Westfrysk
Flylânsk †
Nedersaksysk
Kleastersk | Pompstersk | Stellingwerfsk (EaststellingwerfskHaadstellingwerfskKúnderskWesthoeksk) | Westerkertiersk (Kollumerlânsk)