Molkwardersk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Molkwardersk
algemien
eigen namme Molkurders (?)
lânseigen yn Flag of the Netherlands.svg Nederlân
tal sprekkers († 19e iuw)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Molkwardersk
dialekten gjint

It Molkwardersk wie it Fryske dialekt fan it doarp Molkwar, dat yn 'e Súdwesthoeke tusken Hylpen en Starum oan 'e Iselmarkust leit. It waard yn elts gefal sprutsen oant yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw, mar rekke op syn letst om 'e midden fan dy iuw hinne yn it neigean en wie tsjin 1900 útstoarn. Tsjintwurdich sprekke de Molkwarders 'gewoan' Súdwesthoeksk.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Molwardersk wie in tige behâldende taalfoarm, wêryn't in protte fan it Aldfrysk bewarre bleaun wie. Benammen op it mêd fan 'e klanklear en wurdskat wykte it sterk ôf fan it Standertfrysk. Datoangeande hie it frijwat wei fan it Hylpersk, dat noch altyd yn it oanbuorjende Hylpen sprutsen wurdt. Foarhinne waard wol tocht dat it Molkwardersk in oerlibjende foarm fan it Aldfrysk wie (sa't dat ek wol, en like foutyf, sein wurdt fan it Skiermûntseagersk), mar taalkundich ûndersyk út 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw, troch û.m. perfester H.T.J. Miedema, hat oantoand dat de oerlevere teksten gewoan in foarm fan Midfrysk wiene (wêrfan't it tiidrek oant 1820 duorre).

Fan it Molkwardersk waard ek sein dat elts fan de acht Molkwarder pôlen syn eigen tongslach hie. Dat is net mear nei te gean en it liket troch de lytse proporsjes fan it doarp ek net warskynlik.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is oannimlik dat it Molkwardersk in ûntwikkeling kend hat dy't sterk op dy fan it nau besibbe Hylpersk liek. Dat Hylpersk hat him meitiid ûntjaan kinnen om't it oan 'e kust sprutsen waard yn in stedsje dat net folle kontakt hie mei syn eigen efterlân, mar nammenste mear oriïntearre wie op 'e hannel mei de Hollânske stêden oare kant de Sudersee. Sadwaande hat it Hylpersk in folle gruttere ynfloed fan it Hollânsk ûndergien as dat by de oare Fryske dialekten it gefal is. Benammen it Amsterdamske stedsdialekt hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed op it Hylpersk útoefene. Dêrnjonken hat it Hylpersk troch de seefeart ek bleatstien oan (iere) ynfloeden fan it Ingelsk en fan Noardgermaanske talen lykas it Noarsk. Om't Molkwar yn deselde krite leit en krekt as Hylpen in kustplak is dêr't foarhinne hannel en fiskerij yn 'e pleatslike ekonomy in grutte rol spilen, soe men oannimme kinne dat it Molkwarders in soartgelikense ûntsteansskiednis hân hat.

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Molkwardersk is yn elts gefal oerlevere út 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw. De wichtichste teksten binne dêrby fragminten fan 'e Bibel dy't yn it dialekt oerset waarden. Sa fertaalde perfester Everwinus Wassenbergh yn 1802 in hiel haadstik út it Nije Testamint (Mattéus 6) yn it Molkwardersk, wylst yn 1811 dû. Simon Gorter de Likenis fan de Ferlerne Soan yn it dialekt oersette.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Miedema, H.T.J., Kenmerken van het Uitgestorven Molkwerums Dialect en van het Hindeloopens, yn: Taal en Tongval, 1986, s. 46-78.
  • Miedema, H.T.J., De Parabel fan de Forlerne Soan yn de Molkwarder Oersetting fan Dû. Simon Gorter (1811), yn: It Beaken, nû. 25 (1963), ôfl. 4 (des.), s. 288-293.
  • ――, Molkwerum: Geen Oudfries maar variant fan het Middelfries, yn: de Ljouwerter Krante, 4 febrewaris 1989.
  • Wassenbergh, Everwinus, Het Sechste Hae'stik fan Matthewes, yn: Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I, 1802.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk
Aastersk | Hylpersk | Klaaifrysk (Bjirmsk) | Molkwardersk † | Noardhoeksk (EastnoardhoekskWestnoardhoeksk) | Skiermûntseagersk | Skylgersk | Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) | Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk
Hollânsk-Frysk
Amelânsk (EastamelânskWestamelânsk) | Biltsk (EastbiltskWestbiltsk) | Midslânsk | Stedsk (BoalserterskDokkumerskFeanstersk †FrjentsjerterskHarnzerskKollumerskLjouwerterskSnitserskStarumersk)
Westfrysk
Flylânsk †
Nedersaksysk
Kleastersk | Pompstersk | Stellingwerfsk (EaststellingwerfskHaadstellingwerfskKúnderskWesthoeksk) | Westerkertiersk (Kollumerlânsk)