Morse-alfabet

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It morse-alfabet is in alfabet basearre op morsesinjalen.

Ferzjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it stuit is der in ynternasjonaal standertalfabet, mar der hawwe ferskate fan sokke alfabetten west:

  • It oarspronklike morse-afabet fan Alfred Vail, út 1838. Vail syn alfabetten wienen opboud mei acht sinjalen: Letters wienen opboud út stip, streekje, streek, langstreek en oerslaan, en trije mear wienen nedich om tekst oer te stjoeren: sinjaalein, letterein en wurdein. Dêrby hienen guon letters deselde koade: j = g, y = i, v = l, s = z.
  • Vail syn eigen oanpassing dêrfan yn 1844; de earste koade dy't praktysk brûkt waard. Dêrby brûkte er deselde sinjalen, mar de measte letters krigen in oare koade, wat ûnder oaren it resultaat hie dat de koade krekt wat flugger wie. Oant de earste helte fan de 20e iuw wie dit it offisjele morse-alfabet foar de Feriene Steaten.
  • De oanpassing fan Frederik Clemens Gerke, doe't de tillegraaf fan Morse yn 1847 yn Hamburch yn Dútslân introdusearre waard. Hy brocht it tal mooglike sinjalen werom nei fiif: stip en en streek as boustienen fan de letters, plus signaalein, letterein en wurdein. Dit makke de kombinaasjes langer, mar makke it stjoeren en lêzen fan de koade makliker. By Gerke hienen allinnich de I en J deselde koade.
  • Oare, ûnôfhinklike oanpassings fan Vail syn koade yn oare staten fan it Dútske Bûn, wat tillegrafy tusken Dútske steaten net makliker makke.
  • It Dútske standert tillegraaf-alfabet fan 1 july 1858, bassearre op dat fan Gerke, mei in pear letters feroare en in systematyske koade foar de sifers.
  • It ynternasjonale morse-alfabet, dat yn 1865 yn Paris opsteld waard troch de Internasjonale Tillegraafkonvinsje. Dêrby waard ûnder oaren de J tafoege.
  • In morse-alfabet ûntwikkele troch de marine fan de Feriene Steaten oan it begjin fan de 20e iuw, mûglik mei it doel by radiosignalen better it ferskil tusken steuring en morse hearre te kinnen. Doe't de Feriene Steaten harren mingden yn de Earste Wrâldkriich, wie harren marine lykwols al oergongen op de ynternasjonale standert.
  • In oanpassing fan it ynternasjonale morse-alfabet, op 1 septimber 1939, werby in pear lêstekens feroare waarden.

Ynternasjonaal alfabet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letter Morse
A .-
B -...
C -.-.
D -..
E .
F ..-.
G --.
H ....
I ..
J .---
K -.-
L .-..
M --
Letter Morse
N -.
O ---
P .--.
Q --.-
R .-.
S ...
T -
U ..-
V ...-
W .--
X -..-
Y -.--
Z --..
Sifer Morse
0 -----
1 .----
2 ..---
3 ...--
4 ....-
5 .....
6 -....
7 --...
8 ---..
9 ----.
Lêsteken Morse
. .-.-.-
, --..--
 ? ..--..
- -....-
/ -..-.
Spesjaal teken Morse
flater ........
+ stop (ein berjocht) .-.-.
@ ein (ein kontakt) ...-.-
Needsignaal ...---...

Fierdere koades, dy't lânôfhinklik binne:

Teken Morse
ä æ .-.-
ö ø ---.
ü ŭ ..--
ch ----
Teken Morse
å à .--.-
é ..-..
ĉ -·-··
é ..-..
Teken Morse
ĝ --·-·
ĥ -·--·
ĵ ·---·
ŝ ···-·
Teken Morse
" .-..-.
 ! ..--.


Needsinjnaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt gauris tocht dat it needsinjaal de trije letters "SOS" is: "... --- ...". Dit is lykwols net sa. It needsinjaal is ien symboal, de tillegraaf-ferzje fan in trijefâldige werhelling as needsinjaal: Trije keer trije sinjalen: "...---...".