Snitsersk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Snitsersk
algemien
eigen namme Snekers
lânseigen yn Flag of the Netherlands.svg Nederlân
tal sprekkers ±6.600 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Snitsersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Flag of the Netherlands.svg Nederlân:
  ● Frisian flag.svg Fryslân (as streektaal)

It Snitsersk (Snitsersk: Snekers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Snits, it haadplak fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Snitsersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Snitsersk is ûntstien yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw, safolle is wol bekend, mar hoe't dat krekt yn syn wurk gien is, dat is net alhiel dúdlik. Neffens de tradysjonele teory binne it Snitsersk en de oare Stedske dialekten ûntstien doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498 yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. Taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne. It is lykwols frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Snitsersk oerlevere binne.

De lokaasje fan it Snitsersk yn 'e provinsje Fryslân.

Oant djip yn 'e njoggentjinde iuw wie it Snitsersk yn Snits de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it Standertnederlânsk. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it Nederlânsk. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Snits ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Snitsersk te praten.

Om 1800 hinne waard der yn Snits nei alle gedachten frijwol gjin Frysk sprutsen, mar inkeld Snitsersk. Tsjin 1900 sil troch likernôch 90% fan 'e stedsjers Snitsersk sprutsen wêze. Under ynfloed fan it ferplichte ûnderwiis, de bettere kommunikaasjemiddels en gruttere mobiliteit waard geandewei de tweintichste iuw ek foar de legere sosjale klassen it sprutsen Nederlânsk wichtiger yn it deistich ferkear, en rekke it Snitsersk sadwaande linkenoan fierder yn it neigean. Nei de Twadde Wrâldoarloch sette de delgong hurd troch. Yn 1955 spriek 77% fan 'e bern yn 'e stêd noch Snitsersk. It grutte tal ynkommelingen fan it Frysktalige plattelân en fan bûten Fryslân en nei 1960 de opkomst fan 'e tillefyzje soargen der lykwols foar dat it Snitsersk op 'e dyk de striid foargoed ferlear. Tsjintwurdich heart men it Snitsersk op 'e strjitte net folle mear, al hat it dialekt ûnder alteast in part fan 'e jongerein noch de funksje fan ûnderlinge jeugdkultuer-taal. It tal ynwenners dat de bern noch Snitsersktalich grutbringt, is yn 'e stêd noch mar in lytse minderheid. Yn 'e njoggentiger jierren koe noch mar 25% fan 'e Snitsers it eigen dialekt sprekke.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wetterpoarte, it symboal fan Snits.

It Snitsersk ferskilt net sa'n mâle soad fan 'e oare Stedske dialekten. It komt benammen sterk oerien mei it Boalsertersk, dat yn Boalsert sprutsen wurdt, mei't beide dialekten in beskate ynfloed fan it Súdwesthoeksk ûndergien hawwe. Fierders ûnderskiede it Snitsersk en it Boalsertersk har fan 'e oare Stedske dialekten trochdat se yn wurden as hand ("hân"), sand ("sân") en band ("bân") yn 'e regel de wurdeinige -d ferlern hawwe, wylst de fokaal dêrfoaroer oprutsen is: haan, saan en baan.

In opmerklike foarm yn it Snitsersk is fierders de mear ("de mar"), wylst hast alle oare Stedske dialekten ut mear hawwe (ferlykje Nederlânsk: het meer). Opfallend is yn dit ferbân dat it iennichste oare Stedske dialekt dat dizze foarm ek hat, it Starumersk is. Men mei oannimme dat dizze foarm yn it Snitsersk en it Starumersk opdûkt om't Snits en Starum yn it Fryske wetterlân lizze, dêr't it wurd mear / "mar" in protte brûkt waard/wurdt. It kin hjirby gean om beynfloeding troch it Frysk, mar likegoed om in oarspronklike Stedske foarm dy't út 'e oare Stedske dialekten weiwurden is om't er dêr leechfrekwint wie.

It Simmerrak, yn Snits.

Tal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oangeande it sprekkerstal fan it Snitsersk binne gjin sekuere sifers bekend, mar dochs is it wol mooglik om ta in rûge skatting te kommen. De Bosatlas fan Fryslân (2009) jout nammentlik oan dat yn 'e gemeente Snits troch 11% fan 'e befolking Stedsk sprutsen wurdt.[1] Mei in gemeentlike befolking fan (neffens deselde boarne) 33.216 minsken, komt dat út op in oantal fan 3.654 Stedsktaligen yn Snits.

Dêrby moat men betinke dat in diel fan 'e Snitsersktaligen him oer it omlizzende plattelân ferspraat hat. Neffens de Bosatlas fan Fryslân is bgl. fan 'e befolking fan Wymbritseradiel 4%, fan dy fan Skarsterlân 3% en fan dy fan Gaasterlân-Sleat 4% Stedsktalich.[2] As men dy persintaazjes oer de hiele provinsje omrekkenet ta absolute oantallen en se dan ferrekkenet mei it oandiel dat de oare Stedske dialekten deryn hawwe sille, komt men foar it Snitsersk út op in totaal fan sa'n 6.600 sprekkers. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it benammen om âldere stedsjers giet, mei't it meastepart fan 'e jongerein de eigen taal net folle mear brûkt. It sprekkerstal fan it Snitsersk nimt sadwaande stadichoan ôf.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Bosatlas fan Fryslân, s. 276.
  2. Bosatlas fan Fryslân, s. 228-289.

boarnen:

  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • ——, Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Productions), ISBN 978-9 00 17 79 047.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Duijff, Pieter, Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten, Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk
Aastersk | Hylpersk | Klaaifrysk (Bjirmsk) | Molkwardersk † | Noardhoeksk (EastnoardhoekskWestnoardhoeksk) | Skiermûntseagersk | Skylgersk | Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) | Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk
Hollânsk-Frysk
Amelânsk (EastamelânskWestamelânsk) | Biltsk (EastbiltskWestbiltsk) | Midslânsk | Stedsk (BoalserterskDokkumerskFeanstersk †FrjentsjerterskHarnzerskKollumerskLjouwerterskSnitserskStarumersk)
Westfrysk
Flylânsk †
Nedersaksysk
Kleastersk | Pompstersk | Stellingwerfsk (EaststellingwerfskHaadstellingwerfskKúnderskWesthoeksk) | Westerkertiersk (Kollumerlânsk)