Sudertoer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sudertoer

De Sudertoer waard yn 1854, tagelyk mei de hjoeddeiske fjoertoer op it Fryske eilân Skiermûntseach boud. De toer wie in ûntwerp fan H.G. Jansen yn 'e mande mei D. van Gessel, N.J. Leijer en oannimmer L.J. Borst Verdoorn.

Omdat er earst gjin ljochtkarakters hie sette men bytiden soms twa tuorren of fjoeren, sadat de seeman wist wêr't hy wie. Boppedat koenen twa fjoeren of tuorren in line foarmje, sadat skippen om gefaarlike ûndjipten laat wurde koenen.

Yn 1910 krige de fjoertoer in draailjocht. Sûnt dy tiid koe men de kust ek weromkenne mei ien ljocht en wie it ljocht fan de sudertoer oerstallich wurden.

De toer bleau lykwols al stean en krige yn 1950 de funksje fan wettertoer. Dy funksje hat de toer oant 1992 hân. Tsjintwurdich wurdt de Sudertoer as antennetoer brûkt.