Westamelânsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Westamelands
algemien
eigen namme West-Amelands
lânseigen yn Flag of the Netherlands.svg Nederlân
tal sprekkers  ? (gjin gegevens)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Amelânsk
                    ● Westamelânsk
dialekten gjint

It Westamelânsk is de foarm fan it Amelânsk, sa't dat sprutsen wurdt op it diel fan it Fryske Waadeilân Amelân dat bewesten de Ballumerbocht leit, dus yn 'e doarpen Hollum en Ballum en omkriten. It ûnderskiedt him fan it nau besibbe Eastamelânsk troch in stikmannich ferskillen yn útspraak.

Dialektferskillen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa wurde de wurden "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Westamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as oäd, koäd, hoät, soät en huud, en yn it Eastamelânsk as òòd, kòòd, hòòt, sòòt en hööd. (De klank [o.ɛ] wurdt útsprutsen as de o fan "bok" folge troch e fan "pet"; uu [y:] is de ú fan "drúf"; òò [ɔ.ǝ] is de ô fan "rôt" mar in bytsje diftongisearre; en öö [ʌ:] is de klank fan it Frânske l'heure.)

Fierders bestiet der in ferskil by guon ferlytsingsfoarmen, lykas "doarpke", "koke" en "pylkje", dêr't it Westamelânsk dörpke, koeike en pielke foar jout en it Eastamelânsk dörpje, koetje en pieltje. Ek guon útgongen ferskille, bygelyks de útgong "-aasje". Wurden as "federaasje" en "alteraasje" wurde yn it Westamelânsk federase en alterase, en yn it Eastamelânsk federaasje en alteraasje. Ferskillen yn it leksikon komme ek foar, mar net in protte. It meast opfallend yn dat ferbân is it typysk Eastamelânske wurd hèèt ("heit"), wylst fader yn beide subdialekten bestiet.

Ferklearring fan 'e dialektferskillen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dialektferskillen op it Amelân binne te ferklearjen út it feit dat de lju út it herfoarme westen en it roomske easten fan it eilân foarhinne grutdiels byinoar lâns libben. In trêde denominaasje waard op it eilân foarme troch de minnisten, dy't ek mear yn it westen konsintrearre wiene. Hoewol't der tusken de herfoarmden en de minnisten soms wol houliken sletten waarden, wie dat tusken dy beide protestantske groepen en de roomsen ûntinkber. Sa bestie der dus net in protte ûnderling kontakt, en ûntstiene der twa subdialekten.

Hoewol't de religieuze skieding hjoed de dei amper noch in rol spilet, hat him ûnderwilens in beskaat kultuerferskil tusken de beide befolkingsgroepen of eilânkriten ûntwikkele. It eastlike diel fan it eilân is ekonomysk nammentlik frijwol hielendal ôfhinklik fan it toerisme, en stiet dêr sadwaande tige posityf foaroer. Yn it westen, dêr't men noch foar in grut part fan 'e lânbou libbet, is dat folle minder it gefal. Boppedat binne de Amelanners har ûnderwilens sa bewust rekke fan it dialektûnderskie ("dêr sizze se fan ..., mar wy sizze fan ..."), dat ek dêrtroch de ferskillen yn stân holden wurde. Dêropta is oan 'e eastkant fan it eilân, dêr't it fear oankomt, de measte toeristen fakânsje fiere en har mear lju fan bûten nei wenjen set hawwe, de ynfloed fan it Nederlânsk sterker. Oan 'e oare kant foarmet de iennichste middelbere skoalle op it eilân, yn Nes, wer in sterk nivellearjende faktor, mei't alle eilânbern dêr gearkomme en de ûnderlinge kontakten fan 'e jongere generaasjes dus folle grutter binne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jansen, Mathilde, Een Echte Amelander Spreekt Dialect, Amsterdam, 2010 (Amsterdam University Press), ISBN 978-9 08 96 42 035.
  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
  • Oud, Anton Gerardus, Woa'deboek fan ut Amelands, Ljouwert, 1987 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 16 73X.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk
Aastersk | Hylpersk | Klaaifrysk (Bjirmsk) | Molkwardersk † | Noardhoeksk (EastnoardhoekskWestnoardhoeksk) | Skiermûntseagersk | Skylgersk | Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) | Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk
Hollânsk-Frysk
Amelânsk (EastamelânskWestamelânsk) | Biltsk (EastbiltskWestbiltsk) | Midslânsk | Stedsk (BoalserterskDokkumerskFeanstersk †FrjentsjerterskHarnzerskKollumerskLjouwerterskSnitserskStarumersk)
Westfrysk
Flylânsk †
Nedersaksysk
Pompstersk | Stellingwerfsk (EaststellingwerfskHaadstellingwerfskKúnderskWesthoeksk) | Westerkertiersk (Kollumerlânsk)